Roden Staal Drachten fallyt

04 jun 2009 - 21:29

De kâns is grut dat parten fan it Drachtster bedriuw Roden Staal in trochstart meitsje kinne. It bedriuw waard fan 'e wike fallyt ferklearre. Alle hast 100 meiwurkers ha dien krigen.

Roden Staal makket parten fan skippen en konstruksjes foar yn it teater. Om't it sa'n spesjalisearre bedriuw is, is de kurator no al yn petear mei meardere kandidaten dy't Roden Staal oernimme wolle. Dat sil dan wol yn ôfslanke foarm wêze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)