Roda JC-SC Hearrenfean 2-2

18 okt 2008 - 21:50
  • Christian Grindheim makke de earste goal

SC Hearrenfean pakte sneontejûn in punt yn de útwedstryd tsjin Roda JC. Yn Kerkrade waard it 2-2. De ploech fan trener Trond Sollied kaam yn de earste helte op foarsprong troch in doelpunt fan Christian Grindheim. Yn de twadde helte wie Roda de bettere ploech. De Limburgers kamen sels op in 2-1 foarsprong.

Yn de 87ste minút wie it lykwols ynfaller Arnór Smárason dy't de 2-2 makke en sa noch in punt foar de Feansters binnenhelle.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)