Rocov benaud foar leechrin

24 jul 2011 - 17:06

Minder bustsjinsten betsjut dat reizgers fuortbliuwe. Oare linen komme dan ek yn gefaar. Dat seit Tom Ettema fan reizgersorganisaasje Rocov. Yn de nije provinsjale busplannen foar Noard- en Súdwest-Fryslân, Ljouwert en Skiermûntseach is sprake fan tritich prosint minder ritten.

Busferfierders kinne ynskriuwe op de nije konsesje. De provinsje hopet dat se mear ritten oanbiede om de opdracht mar te krijen. Ettema tinkt dat djoerdere kaartjes ek klanten kostet.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)