ROC: 'Ynboargering kin flugger'

16 jun 2006 - 13:02

De ynboargering fan nijkommers kin folle flugger. Dat seit ROC it Friesland College yn Ljouwert. De tiid dy't regionale opliedingssintra nedich ha om bûtenlanners in basisnivo Nederlânsk te learen, kin mei op syn minst de helte werombrocht wurde.

De opliedingssintra krije no noch jild om kursisten binnen 600 lesoeren Nederlânsk op nivo A1 te learen. Yn de nije ynboargeringswet moat elk yn deselde perioade nivo A2 helje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)