ROC Friese Poort krijt nije foarsitter

15 okt 2015 - 17:02
  • Micha van Akkeren

Micha van Akkeren fan Boarnburgum wurdt de nije foarsitter fan it kolleezje fan bestjoer fan it ROC Friese Poort. Tegearre mei Remco Meijerink sil hy Sjouke Tuinier opfolgje, dy't dan 21 jier foarsitter west hat. De ôfrûne seis jier wie Tuinier sels it iennichste lid fan it kolleezje fan bestjoer fan de Friese Poort.

Micha van Akkeren is op dit stuit sekretaris-direkteur by it Wetterskip Fryslân. Yn dy funksje is er belutsen by ferskate wetteropliedings yn Nederlân. Yn jannewaris begjint er by de Friese Poort.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)