Robottrein op spoar by It Fean

09 jul 2013 - 15:05
  • Robottrein op it spoar tusken Meppen en It Hearrenfean
  • Robottrein op it spoar tusken Meppen en It Hearrenfean
  • Robottrein op it spoar tusken Meppen en It Hearrenfean

In spesjale robottrein fan 1 kilometer lang, de grutste fan Europa, wurdt ynset foar de renovaasje fan it spoar tusken Meppel en It Hearrenfean. Op in trajekt fan 11 kilometer wurde 20.000 houten bylzen ferfongen troch dwerslizzers fan beton. De ûnderlizzende 21 miljoen kilo ballast wurdt ferfongen troch in nije laach stiennen en yn de rails wurde 70.000 spoarstaaf-klinken oanpakt. It karwei duorret njoggen dagen. Foar de treinreizgers op dit trajekt wurde tusken Stienwyk en Wolvegea bussen ynset.

As it hiel hyt waar wurdt, kin it wurk noch fertraging oprinne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)