Robin Huisman nei Dútslân

10 jul 2009 - 09:15

Robin Huisman de Jong spilet it kommend seizoen net foar Harkemase Boys. De 21-jierrige ferdigener hie foar dy klup keazen, neidat syn kontrakt by Sportklup Hearrenfean net ferlingd waard.

Huisman de Jong giet no lykwols nei it Dútske BV Cloppenburg, in klup krekt oer de grins. Huisman de Jong waard it ôfrûne seizoen troch Hearrenfean ferhierd oan Emmen, dêr spile er tolve wedstriden foar.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)