Robert en Riemer prate fierder

16 maaie 2013 - 13:02
  • Foarsitter Johan van Tuinen fan sakeklup OSSH op de nijjiersresepsje

Der komt in ferfolchpetear tusken foarsitter Robert Veenstra fan SC Hearrenfean en syn foargonger Riemer van der Velde oer de argewaasje dy't der de lêste moannen west hat. Dat hawwe de twa tongersdei ôfpraat yn in earste petear. Oft der in mooglikheid is dat Van der Velde weromkomt as skout by de klup is noch folslein net dúdlik, sei Robert Veenstra yn in reaksje.

It is ek noch te gau om te sizzen dat alle kjeld út de loft is. Veenstra seit dat hy en Van der Velde it der wol oer iens binne dat de ûnderlinge beskuldings ophâlde moatte.

Wannear't it folgjende petear is, is noch net dúdlik. It petear fan tongerdeitemoarn fûn plak op inisjatyf fan Robert Veenstra.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)