Robbie McEwen wint Surhústerfean

02 aug 2006 - 15:24

De Australiër Robbie McEwen hat tiisdeitejûn de 25e profronde fan Surhústerfean wûn. De winner fan de griene trui én trije etappes yn de Tour de France fersloech yn de einsprint Thor Hushovd út Noarwegen en Pieter Weening fan De Harkema.

De trije makken diel út fan in kopgroep fan seis renners. It is foar Robbie McEwen de twadde kear dat er yn Surhústerfean wint. Earder die er dat yn 2003.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)