Robbert-Jan Mol wint Boalsert, Harry Sweering twadde

23 maaie 2015 - 22:19
  • It poadium fan Boalsert

Robbert-Jan Mol út Wognum hat sneontejûn de Ronde fan Boalsert wûn. De hurdfytser út Noard-Hollân naaide yn de finale út, net ien fan de fjouwer achterfolgers woe it wurk dwaaan om him werom te heljen. Harry Sweering fan Snits waard kreas twadde, Rick Mensink fan Zwolle tredde. Nei tsien fan de 55 rûntsjes ûntstie de fiif man sterke kopgroep. Dêrachter ried noch in groep fan njoggen, mei û.o. Douwe de Vries (7e) en Arjan Stroetinga (8e). Mei krapoan 80 hurdfytsers krige Boalsert in moaie koers.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)