Roadshow bromfytskentekens

25 maaie 2006 - 12:54

Fryske bromfytseigners rinne yn fergelyk mei de rest fan it lân achter mei it oanfreegjen fan nije kentekens. Dat seit de Rijksdienst voor het Wegverkeer, RWV. Oant 31 oktober kin sa'n kenteken oanfrege wurde. Yn Fryslân hat 47% sa'n kenteken. Lanlik leit dat op 55%.

Op It Hearrenfean is dat noch mar 21% en yn Drachten 39%. Dêrom komt it RDW mei in eigen roadshow yn beide plakken om mear foarljochting te jaan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)