RKC: we wisten net fan fete

02 aug 2006 - 18:24

As betelle fuotbalclub RKC Waalwijk earder op de hichte steld wie fan de gespannen ferhâlding tusken har spiler Ricky van den Bergh en guon Cambuur- supporters, dan hie de eskalaasje tiisdeitejûn foarkommen wurde kinnen. Dat is de reaksje fan de direkteur fan RKC op it ynsidint.

De club hat Van den Bergh yntusken in boete jûn foar syn gedrach op it fjild. Hy helle út nei Cambuur-spiler Van Rooijen, dy't in oertreding makke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)