'Rjochtsaken jongeren flugger'

16 mrt 2009 - 15:53
  • Het Informatie- en Kennispunt Jeugd en Gezin

Rjochtsaken fan jongeren kinne yn 'e takomst gauwer ôfhânnele wurde. Ek kin better ynspile wurde op knipepunten en takomstige ûntwikkelingen. Dat komt troch in nije databank mei ynformaasje dy't moandei yn gebrûk naam is.

Yn dizze online-databank kin ynformaasje opsocht wurde oer it tal oanhâldings fan jongeren en it tal jongeren dat in straf of in boete krijt. Yn it systeem sitte gegevens fan 'e Fryske organisaasjes dy't mei jeugdstrafrjocht te meitsjen hawwe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)