Rjochtsaken gjin soapsearje

28 jan 2006 - 18:18

In soapsearje moat op televyzje en net yn de rjochtbank. Rjochtsaken wurde troch de media te faak presintearre as in soap. Der wurdt in wedstriid fan makke tusken kriminelen, offisieren en advokaten.

Dat sei haadoffisier fan justysje Leo den Hollander freed by de ynstallaasje fan de fise-rjochtbankpresidint, twa rjochters en trije offisieren fan justysje. It moat út wêze mei de fersoaping fan strafsaken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)