Rjochtsaken Antillianen apart

21 aug 2007 - 15:42

De rjochtsaken fan de Antillianen dy't op 14 maaie belutsen wiene by in sjitpartij yn Ljouwert moatte apart behannele wurde, omdat de feiligens yn de rjochtseal oars net te garandearjen is. Tiisdei soene de trije fertochten foarkomme, mar de saak is oanhâlden.

Fanwege de feiligens wurde de trije saken no los fan inoar pland. De spanning tusken de fertochten is sa grut dat der gefaar is dat se inoar oanfalle, sa seit justysje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)