Rjochtsaak wapene oerfal supermerk Beetstersweach yn maart

01 des 2015 - 16:26

De rjochtsaak tsjin de trije fertochten fan de wapene oerfal op de Plus-supermerk yn Beetstersweach yn augustus is foar minimaal trije moannen oanholden. Dat is tiisdei bepaald yn in saneamde pro-forma sitting. De saak stiet no foarearst op de rol foar healwei maart. De rjochter-kommissaris wol noch tsjûgen hearre.

Alle trije fertochten sitte noch fêst. Se ha in leveransier fan de supermerk bedrige mei in pistoal en easken jild. Omdat alles noch op slot siet koene de meiwurkers der net bykomme.

De manlju binne op de flecht slein en letter op de dei oanholden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)