Rjochtsaak UMTS-mêst útsteld

05 sep 2006 - 16:00

De rjochtsaak tusken Boarnsterhim en telefoanmaatskippij Vodafone oer in nije UMTS-mêst is útsteld. De ried hat noch gjin nij beslút nommen oer it al of net tastean fan sokke mêsten yn 'e gemeente.

Oan no ta wie de gemeenterie dêrop tsjin, omdat it skealik like foar de sûnens. Mar neffens de lêste ûndersiken is dat net it gefal. In nij riedsbeslút oer UMTS-mêsten wurdt noch dizze moanne ferwachte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)