Rjochtsaak tsjin Van Wijnen

06 okt 2014 - 10:18
  • Van Wijnen

Fakbûnen FNV en CNV spannen in rjochtsaak oan tsjin boubedriuw Van Wijnen op 'e Gordyk. It bedriuw hâldt twa atv-dagen yn by de 1400 meiwurkers. Yn oerlis mei de leden stappe de fakbûnen no nei de rjochter.

De direksje hat tsjin de fakbûnen sein dat de meiwurkers de ynhâlding stypje. Mar de bûnen hearre op de wurkflier oare ferhalen. Neffens de fakbûnen hat de direksje tsjin harren sein dat de bedriuwsresultaten minder binne as ferwachte. De fakbûnen sizze dat de finansjele posysje fan it bedriuw goed is en dat it him oan de cao hâlde moat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)