Rjochtsaak tsjin Spanjer

25 jan 2010 - 16:19
  • Maarten Spanjer spile Gerben Zonderland yn de Kameleonfilms

Akteur Maarten Spanjer moat begjin febrewaris foar de rjochter ferskine fanwege útspraken oer filmprodusint Klaas de Jong fan films as De Hel van 63, Scheepsjongens van Bontekoe en de Kameleonfilms. Spanjer sei yn de Ljouwerter Krante dat De Jong in oplichter is, omdat er syn ôfspraken net neikomt en tasein jild net útbetellet.

De Jong fynt de útspraken smaad en stapt dêrom nei de rjochter. Spanjer wol itselde dwaan om syn jild te krijen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)