Rjochtsaak tsjin Pultrum útsteld

11 jun 2003 - 00:00

De rjochtsaak tsjin Jappie Pultrum, de útbater fan in yllegale seksklup en nudistecamping yn Houtigehage, giet tongersdei net troch.

De saak wurdt oanholden om't op it alderlêste momint troch de advokaat fan de fertochte noch fiif nije tsjûgen nei foaren brocht binne. It giet om de dochter fan Pultrum en om fjouwer gasten fan de camping. Neffens harren soe it wol tafalle mei de drugshannel en de bordeelpraktyk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)