Rjochtsaak tsjin Coberco

19 nov 2003 - 00:00

De Unie spant in rjochtsaak oan tsjin suvelkonsern Friesland Coberco. Neffens it fakbûn ferheget it konsern de pinsjoenen fan âld-wurknimmers te min. Yn de CAO stiet dat de pinsjoenen yn 2002 en 2003 mei trije prosint omheech gean. Der is mar 1,9 en 1,4% by dien.

Neffens it fakbûn sparret it bedriuw sa miljoenen út ten koste fan âld-personiel. It soe gean om 25 oant 50 miljoen euro. Friesland Coberco seit dat it him oan de regels hâldt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)