Rjochtsaak stekpartij oanhâlden

23 jul 2004 - 10:50

De rjochtsaak tsjin de 14-jierrige fertochte fan de stekpartij op skoalle De Compagnie op It Hearrenfean is oanhâlden. De advokaat fan de fertochte hat frege om in neier ûndersyk. Om't de jonge minderjierrich is, wie de behanneling fan de saak tongersdei achter sletten doarren.

De jonge wurdt derfan fertocht op 30 maart fan dit jier in 17-jierrige skoalgenoat fan De Jouwer op it skoalplein delstutsen te hawwen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)