Rjochtsaak St. Fryske Mole

08 jan 2009 - 12:30

In heal miljoen euro subsydzje is de ynset fan in rjochtsaak dy't de Stifting de Fryske Mole oanspant tsjin it Ryk. It jild moat brûkt wurde om de mûnen yn Marrum, Goaiïngaryp en Wyns op te knappen.

It ministearje hat de oanfraach dêrfoar wegere om't de bydrage fan oare jildsjitters lykas de provinsje neffens him net wis is. Neffens it stiftingsbestjoer komme dy lykas foargeande jierren net earder oer de brêge as it Ryk tastimming jout.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)