Rjochtsaak skippers-Prorail

10 maaie 2007 - 17:20
  • Annemarie Jorritsma oan it wurd

Skippersferiening Schuttevaer driget spoarbehearder Prorail foar de rjochter te slepen. Skippers moatte sûnt koart in brêge-iepening oer de telefoan oanfreegje. Oars koe altyd dat mei de marifoan. Yn Fryslân giet it om de spoarbrêge by Grou.

De ekstra hanneling om it oer de telefoan te dwaan is gefaarik, fynt De Keninklike Schuttevaer. Prorail hat net genôch personiel mei in marifoandiploma yn tsjinst.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)