Rjochtsaak sjitterij útsteld

27 maaie 2008 - 15:05
  • Yn Koatstertille wie in frou deasketten

De rjochtsaak tsjin de 43-jierrige man út De Harkema, dy't fertocht wurdt fan twa sjitpartijen op De Harkema en yn Koatstertille, wurdt útsteld oant 21 augustus. Dat hat de rjochtbank tiisdei besletten nei in saneamde pro forma-sitting oer de saak.

It iepenbier ministearje is noch drok dwaande mei it ûndersyk en hie dêrom om it útstel frêge. Sa moat der noch in rapport komme fan it Pieter Baan Sintrum oer de fertochte. De fertochte bliuwt foarearst fêstsitten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)