Rjochtsaak om wenjen op park

28 feb 2012 - 22:08

De Raad van State bûcht him woansdei oer it bestimmingsplan fan kemping Skatzenburg yn Menaam. De saak is troch behearder Ron van Booma oanspand. Yn it plan skriuwt de gemeente Menameradiel dat Van Booma gjin bûtenlânske arbeiders opfange mei. Ek mei der gjin permaninte bewenning plakfine op it park. Van Booma komt hjir tsjin yn gewear. Hy seit dit earder kontraktueel mei de gemeente ôfpraat te hawwen. Van Booma hopet dat de Raad van State yn de útspraak fêststelt hoefolle dagen in besiker op it park bliuwe mei.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)