Rjochtsaak om klokhús

24 aug 2012 - 15:41
  • Hille Asjes yn syn auto
  • De auto op it Grut Skavernek
  • Utspraak yn klokhússaak

De Ljouwerter dy't freedtemiddei foar de rjochter ferskine moast foar it weismiten fan in klokhús hat in boete krige fan 50 euro ûnder betingst. De rjochter hat him boppedat in proeftiid fan twa jier oplein. Hille Asjes krige earder dit jier in boete fan de plysje fan 180 euro, omdat er in klokhús ta in auto útsmiet op it Ljouwerter Skavernek. Hy liet it foarkomme.

Asjes liet freed yn de rjochtsseal witte dat er it tryst fynt dat er foar de rjochter komme moast foar sa'n hanneling.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)