Rjochtsaak om Iepen Universiteit

04 apr 2003 - 00:00

Studinten fan de Iepen Universiteit slepe it Kolleezje fan Bestjoer foar de rjochter. Se binne it net iens mei de sluting fan seis stúdzjesintra. Dêr sit dat fan Ljouwert ek by.

Benammen de reiskosten en de reistiid smite problemen op. Sa moatte Fryske studinten mei de sluting nei Grins ta. Minsken dy't op it plattelân wenje, kinne dan net mear mei it iepenbier ferfier thúskomme. De rjochtsaak sil wêze yn Maastricht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)