Rjochtsaak om Freulepartij

01 aug 2014 - 15:46
  • De Freulekeatspartij foar jonges yn in eardere edysje

Rykhelt Smink fan Baaium hat by de kantonrjochter dielname ôftwongen oan de Freulepartij fan kommende woansdei yn Wommels. Neffens de regels fan keatsbûn KNKB moat er útkomme foar de ôfdieling Wjelsryp. Mar dêr binne gjin jeugdkeatsers om mei te dwaan oan de Freule. Dêrom woe er útkomme foar Winsum.

It KNKB stie dat earst ta, mar nei protesten út de keatswrâld luts it bûn dat wer yn. Rykhelt syn âlden stapten nei lang oerlis mei it keatsbûn, dat neat úthelle, nei de kantonrjochter yn Ljouwert.

De rjochter hat freed útsprutsen dat Rykhelt wol foar Winsum keatse mei. It KNKB giet net yn heger berop. Dat wie yn it foar ôfpraat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)