Rjochtsaak om boekehage

09 jul 2014 - 13:50

In âlde boekehage yn Aldeberkeap mei foarearst net fuorthelle wurde. Dat is de útkomst fan in koart pleit. Netbehearder Liander wol de hage njonken it wenhûs fan in famylje yn Aldeberkeap fuorthelje. Hy soe de tagong ta in transformatorhúske yn de wei stean. Mar de bewenners sizze dat de hage op harren grûn stiet. Se wolle dat de jierren âlde hage stean bliuwt.

De rjochtbank hie earder bepaald dat de hage fuorthelle wurde moast. De bewenners giene dêrnei yn heger berop en mei in koart pleit wolle se foarkomme dat de hage yntusken ferdwynt.

De famylje moast de hage earder fuorthelje fan de rjochter tsjin in twangsom fan 10.000 euro. Liander moat no yn it koart pleit fan de rjochter de hage stean litte oant de útspraak yn it heger berop. Liander mei boppedat gjin hegere twangsommen oplizze, sa is ek bepaald yn it koart pleit.

De rjochter fynt ek nochris dat de rjochtbank fout siet yn it fonnis troch de bewenners te feroardieljen ta it fuortheljen fan de hage. Neffens de útspraak stiet de hage net op harren grûn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)