Rjochtsaak om Achmea Kenniskwis

09 maaie 2006 - 17:26

Obe Alkema (13) út Mullum stapt nei de rjochter om dochs meidwaan te kinnen yn de finale fan de Achmea-kenniskwis op RTL 4. Obe wûn de Fryske foarronde, mar letter die bliken dat in oare kandidaat better wie en dus nei de finale moast. De betizing ûntstie doe't in antwurd fan dy jonge achterôf dochs goedrekkene waard.

Mei de televyzjekwis op RLT 4 kinne brêgeklassers 250.000 euro winne. De finale is op 15 maaie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)