Rjochtsaak oer sjitten op einen

15 mrt 2006 - 10:48

De faunabeskerming wol dat de provinsje per direkt de ûntheffing foar it ôfsjitten fan wylde einen ynlûkt. As earne foar hûndert euro as mear oan skea is troch de einen meie se ôfsketten wurde. Faunabeheer fynt dy regeling fierstente rom. It soe te maklik wurde om gjin oare maatregels mear te nimmen.

Neffens de provinsje leit it net sa simpel. Sa moat der bygelyks noch wol om tastimming frege wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)