Rjochtsaak oer sinten Marsum

11 nov 2009 - 15:53
  • Marsum kin it jild fan de erfenis goed brûke

Foar de rjochtbank yn Ljouwert spile woansdei in sintekwestje. De fraach is oft it bestjoer fan it doarpshûs yn Marsum it heechste taryf betelje moat oer in erfenis.

Yn 2005 ha de susters Postma in soad jild oan Marsum neilitten. De iene helte wie foar de tsjerke, de oare helte foar doarpshûs Nij Franjum. Mear as de helte moat oan de belesting betelle wurde. It doarpshûs is it dêr net mei iens omdat de regels yntusken oan it feroarjen binne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)