Rjochtsaak oer orka Morgan

19 jul 2011 - 14:08
  • De orka Morgan

De orka Morgan moat net nei in bistepark op de Kanaryske Eilannen brocht wurde. Dat fynt de Orka Coalitie. It Dolfinarium yn Hurderwyk, dêr't de yn de Waadsee fongen orka no sit, hat in fergunning oanfrege om Morgan nei Tenerife te bringen.

Neffens de tsjinstanners fan dit plan is dêrmei de kâns fuort dat de orka oait nochris weromgiet nei in libben yn it wyld. De Orka Coalitie stapt no nei de rjochter om de eksport fan Morgan foar te kommen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)