Rjochtsaak oer kninen Skylge

22 okt 2014 - 19:02
  • De dunen by Hoarne

De Faunabeskerming spant in rjochtsaak oan om de kninejacht op Skylge tsjin te hâlden. De natuerferiening is lulk om't se fynt dat der misbrûk makke wurdt fan de regels. Kninen meie ôfsketten wurde as se skea dogge oan bygelyks lânbougrûn of fytspaden. Mar neffens de Faunabeskerming wurde de bisten ek op oare plakken opjage.

De rjochtsaak soe eins tongersdei al behannele wurde, mar om't Steatsboskbehear net útnoege wie, is de behanneling ferskood nei 12 novimber. Wol easket de Faunabeskerming dat de kninejacht oant dy tiid stillein wurdt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)