Rjochtsaak oer hurd farre

22 jun 2004 - 12:19

Rekreaasjesintrum Burgumermar wol fia de rjochter ôftwinge dat der wer mei speedboaten fearn wurde mei op 'e Burgumermar. Neffens eigner Eybergen fan it rekreaasjesintrum hat it ferbod om rap te farren him in soad klanten koste. It farren mei speedboaten en jetsky's is sûnt april dit jier ferbean op 'e Burgumermar. De provinsje hat dit besletten om 'e rêst en feiligens.

De saak tsjinnet op 29 juny foar de Ljouwerter rjochtbank.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)