Rjochtsaak oer Hotel Osinga

12 des 2006 - 16:53

De rjochter yn Ljouwert bûgde him tiisdei oer de saak fan Hotel Osinga yn Snits. It hotel stiet leech, mar ûndúdlik is wa't de eigner is. Reen Vastgoed BV en Korporaasjeholding Fryslân sizze beide dat se eigner binne fan it eardere romrofte hotel.

In tredde partij, ABC Vastgoed, claimt it hotel ek en hat der dêrom beslach op lizze litten. Dat beslach hâldt de ferkeap tsjin. De rjochter docht oare wike útspraak.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)