Rjochtsaak oer gaswinning Ie

11 jan 2010 - 16:08

De gemeenteried fan Dongeradiel mei de gaswinning oan de Tibsterwei by Ie net langer fertraagje, fynt de rjochter yn Ljouwert. Boargemaster en wethâlders wolle de NAM tastimming jaan foar it winnen fan 400 miljoen kúb gas. Mar yn de gemeenteried binne beswieren. Dêrtroch hat de NAM noch hieltyd gjin offisjele tastimming. De NAM wie dêr sa lilk oer dat de saak moandei foar de rjochter brocht waard.

De rjochter fynt no dat b. en w. mar wer mei de ried prate moatte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)