Rjochtsaak oer drankferkeap

02 des 2009 - 23:16

Yn Ljouwert wurdt tongersdei in rjochtsaak behannele dy't oanspand is troch kemping De Kooi op Skylge tsjin it ministearje fan VWS. De eigner krige in boete fan 900 euro foar de ferkeap fan drank oan in minderjierrige. Op it terras fan de kemping kocht in jonge(16) bier foar syn freon(15). Meiwurkers fan de Voedsel en Warenautoriteit seagen dit en joegen de kempingeigner in boete.

De eigner fynt hy ûnskuldich is en wol in prinsipe-útspraak fan de rjochter.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)