Rjochtsaak oer dongsilo Makkingea fynt plak yn Zwolle

06 nov 2015 - 15:53

De rjochtsaak oer it deadlik ûngelok mei de dongsilo yn Makkingea wurdt yn Zwolle behannele, om't de saak oandroegen is by de konsintraasjerjochtbank Oerisel. Dêrom kin de saak allinne foarkomme by in rjochtbank yn Oerisel en net yn Ljouwert. Dat seit minister Van der Steur yn antwurd op fragen fan PvdA Twadde Keamerleden Lutz Jacobi en Jeroen Recourt. Dêr is foar Zwolle keazen om't dat it tichtst by Fryslân is.

De advokaat fan de fertochte, Tjalling van der Goot, is der min oer te sprekken dat de saak net yn Fryslân behannele wurdt. Hy wol dat syn kliïnt Frysk prate kin om't hy him dan better uterje kin. Dêrom wurdt der in tolk regele.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)