Rjochtsaak oer aaisikersferbod

02 feb 2005 - 11:08

De rjochter yn Ljouwert nimt ynkoarten in beslút oer it ljipaaisykjen. De Faunabeskerming en de Fûgelbeskerming fine it skealik en easkje in ferbod. De rjochtbank hat dêr earder alris ûndersyk nei dien, mar dêr is gjin dúdlike konklúzje út nei foaren kaam.

De provinsje en it Bûn fan Fryske Fûgelbeskermingswachten sizze dat troch de goede neisoarch it ljipaaisykjen amper skea feroarsaket. De rjochter docht útspraak foar it aaisikersseizoen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)