Rjochtsaak misbrûker Cuijk

14 nov 2013 - 11:33

By de rjochtbank yn Assen wurdt freed de proformabehanneling yn de saak tsjin in 48-jierrige man út Cuijk hâlden. Hy hat oer de webcam misbrûk makke fan hast trijehûndert famkes, ek út Fryslân. De man hat guon famkes ek echt misbrûkt, mar dêr binne gjint út Fryslân by.

Yn de saak binne oant no ta fyftjin oanjeftes dien. It ûndersyksteam hat hûndert minderjierrigen identifisearre. As it ta rjochtsaken komt, krije de famkes in saaknûmer. By de iepenbiere behannelings hoege harren nammen dan net neamd te wurden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)