Rjochtsaak konifeare-brannen

20 mrt 2007 - 11:04

It iepenbier ministearje easket selstraffen fan trije en twa jier tsjin twa ynwenners (20 en 23) fan de Jouwer. Sy wurde fertocht fan belutsenheid by hast 40 konifeare-brannen yn har wenplak.

Tsjin in tredde fertochte eakset it iepenbier ministearje in wurkstraf. De brannen wienen tusken april en oktober ferline jier. By ien fan de brannen rekke in âldere frou slim ferwûne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)