Rjochtsaak gizeling útsteld

23 apr 2004 - 00:00

De rjochtsaak tsjin de fiif fertochten út Assen en Grins yn ferban mei de gizeling fan in bankmeiwurker yn Steggerda is freed troch de rjochter oanhâlden. De bankmeiwurker en syn húshâlding waarden yn desimber gizele troch trije jonges út Assen tusken de 16 en de 18 jier. De manlju út Grins soene de gizeling betocht hawwe.

De rjochter stelde de saken út oant 18 maaie, omdat de bewiisfiering tsjin de fertochten net folslein wie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)