Rjochtsaak GGZ tsjin Keamerleden om namme Denk

24 feb 2015 - 16:01
  • Denk GGZ
  • Keamerleden Kuzu en Öztürk by it logo fan harren nije partij Denk

De GGZ Fryslân stapt nei de rjochter fanwege de namme Denk. De GGZ wol by de rjochter berikke dat de Twadde Keamerleden Tunahan Kuzu en Selcuk Öztürk harren fraksje in oare namme jouwe. De politisy presintearren op 9 febrewaris de namme foar harren nije fraksje, dy't ek Denk hjit.

Neffens de GGZ is de namme sûnt 2010 fêstlein as merknamme. Beide partijen hawwe op 16 febrewaris mei-inoar praat, mar dat oerlis hat neat opsmiten.

De GGZ neamt it kwealik dat harren namme brûkt wurdt foar in politike partij. Dêrmei soe de ûnôfhinklikens en betrouberens fan de GGZ oantaast wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)