Rjochtsaak Frank R. yn Assen

21 maaie 2014 - 07:27

Foar de rjochtbank yn Assen begjint woansdei de ynhâldlike behanneling fan de strafsaak tsjin de 49-jierrige Frank R. út Cuijk. Hy wurdt derfan fertocht dat hy hast 300 famkes tusken de 10 en 17 jier fia ynternet safier krigen hat dat se seksuele hannelings diene. Dêr wiene ek Fryske famkes by, mar sy binne net fysyk misbrûkt. Yn it hús fan de man binne sa'n 26.000 filmkes en 144.000 foto's fûn. De oanklacht beskriuwt 21 misdriuwen, de rjochtbank hat fjouwer dagen útlutsen foar it proses.

De saak kaam yn maaie ferline jier oan it ljocht doe't in 12-jierrich famke út Middelstum ferdwûn, de plysje fûn har letter yn de auto fan de fertochte. Begjin dit jier waard op oanwizing fan de fertochte noch mear byldmateriaal fûn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)