Rjochtsaak ferkrêfting Eastrum

19 maaie 2011 - 18:14
  • It plak dêr't de ferkrêfting plakfûn hat

Yn de heger beropssaak fan de ferkrêfting fan in 13-jierrich famke út Eastrum is tongersdei tsjin de 39-jierrige fertochte út Grins 42 moanne sel easke. Neffens it iepenbier ministearje hat de man yn desimber 2006 it doe 13-jierrige famke ferkrêfte.

It gerjochtshôf easke earder 30 moanne sel tsjin de man, mar dy útspraak is troch de Hege Ried ferneatige. It hôf moast de saak dêrom oer dwaan en kaam ta de eask fan 42 moanne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)