Rjochtsaak FCC nei Grins

16 jul 2013 - 12:10

De rjochtsaak fan it Frysk Kongressintrum FCC tsjin de gemeente Smellingerlân is net yn Ljouwert, mar yn Grins. De rjochtbank Ljouwert soe belang hawwe kinne by de útspraak om't de rjochtbank gearkomsten yn it kongressintrum hâldt.

Johan Brandsma fan it kongressintrum hat in konflikt mei de gemeente oer in miniatuerbeurs. Brandsma wie ferline jier oktober te let mei it oanfreegjen fan in ûntheffing. Dochs liet er de beurs trochgean. It frustrearret Brandsma al langer dat er net mear eveneminten organisearje mei fan de gemeente.

De gemeente Smellingerlân is fan betinken dat it Frysk Kongressintrum foar hynste-eveneminten is. Bûten dy eveneminten om mei it kongrissintrum net mear as tolve oare eveneminten organisearje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)