Rjochtsaak De Kast

13 des 2005 - 16:50

Ald-Kast-manager Klaas de Jong hat Syb van der Ploeg, de sjonger fan dy band, foar de rjochter dage. Ek de Ljouwerter Krante en mediabedriuw PS-produkties moatte tiisdei foar it buordsje komme yn Ljouwert.

Van der Ploeg hat yn in fraachpetear tsjin PS-produkties sein dat De Jong him bedondere hat. De manager soe jild achteroerdrukt hawwe. De Ljouwerter Krante hat it ferhaal ek publisearre. Beide partijen woene gjin rektifikaasje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)