Rjochtsaak Burgumer oanhâlden

19 sep 2006 - 17:23

De rjochtsaak tsjin de Burgumer(34) dy't fertocht wurdt fan it swier mishanneljen fan syn soantsje is tiisdei oanhâlden. De offisier fan justysje wol neier ûndersyk dwaan litte nei de geastlike fermogens fan de man. Ek hat de advokaat fan 'e man it fersyk dien om de sitting achter sletten doarren te hâlden.

Ferline wike waard bekend dat de man syn poppe sa mishannele hat, dat de poppe 40 breuken oprûn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)